Spring naar hoofd-inhoud
Foto: Pete Linforth (Pixabay)

Koroanawurdlist

Yn dizze wurdlist steane frekwinte wurden dy't te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak. De earste kolom neamt it Nederlânske wurd, de twadde it Fryske. As it om in haadwurd giet, stiet it lidwurd dat derby heart der tusken heakjes efter.

Dizze list wol advys jaan oer de skriuwwize fan de nije wurden dy't yn ferbân mei de koroanakrisis ûntstien binne en hieltyd wer ûntsteane. De Fryske wurden yn dizze spesjale koroanawurdlist binne stavere neffens de regels dy't de Provinsje Fryslân yn 2015 fêststeld hat. Wat dat oangiet, slút de list oan by de útgongspunten foar de Foarkarwurdlist fan it Frysk, dy't yn 2015 publisearre is. Foar beide listen jildt, dat se as doel hawwe om advys oer en hâldfêst by it skriuwen te jaan, mar neat foarskriuwe.

 

Kanttekeningen

In pear kanttekeningen by de stavering fan guon wurden:

  • Nederlânsk corona kin yn it Frysk skreaun wurde as corona, korona en koroana. De list kiest foar koroana, omdat de lange oo yn it wurdlid dêr't de klam op falt al gau as oa útsprutsen en dêrom ek mei oa skreaun wurdt. De skriuwwize koroana slút sadwaande oan by de stavering fan wurden as ammoanium, begoania, soan, gewoan. Fierders wurdt de letter <c> yn frjemde wurden mei de lûdswearde fan k ek as <k> stavere, tink oan wurden as krisis en konklúzje.
     
  • De ôfkoarting COVID-19 kin ek as covid-19 skreaun wurde, de foarm dêr't yn dizze list foar keazen is. Yn it Nederlânsk is it regel dat ôfkoartingen fan sykten mei haadletters skreaun wurde: BSE, ME, MKZ. As de wurden lykwols ta it gewoan taalgebrûk komme te hearren, dan wurde se yn 'e regele mei lytse letters skreaun: aids, soa. Dizze regel jout net oan wannear't in wurd al of net by de gewoane taal heart. De Fryske list jout allinnich covid-19. It wurdt net as kovid-19 skreaun, omdat it in ôfkoarting fan it Ingelske coronavirus disease 2019 is en omdat it de ynternasjonale wittenskiplike beneaming is fan dit firus.

 

De wurdlist

De list (PDF) (Excel) - oanpaste ferzje 11 maaie 2020 - befettet de measte gongbere wurden fan dit stuit en is út soarte net folslein. Misse jo wat, hawwe jo in flater fûn of hawwe jo suggestjes of opmerkingen, mail ús dan: taalweb@fryske-akademy.nl

Ferwizingen

 

© Fryske Akademy 2020